Home
31-slager.jpg

 28-02-2020  Yn de Omropper fan dizze moanne in foarwurd oer wat komt.... "Wy dogge der goed oan no mar faak yn de tún te sjen. De snieklokjes en de krokussen,se steane alwer te pronkjen. Ik haw der ek altyd aardichheidheid oan te sjen oft der al wer knoppen en  begjinnend grien oan beammen en strúken sitte. Wy lêze dat de skriezen alwer op Skrins en Skrok binne………….it komt grif goed. De maitiid komt der oan minsken, no mar hoopje dat der gjin pak snie mear komt yn maart sa as wy alris belibbe hawwe. Mar de maitiid komt, noch eefkes geduld hawwe…

De Strikers fierden harren feestje.

It hat efkes duorre, mar ôfrûne moandeitejûn wie it der dochs: it kampioensfeest fan de Stadige Strikers. Fansels ha alle dammers al yn opperbêste stimming de wiken trochbrocht, mar it feestje soe noch komme. Moandeitejûn 17 febrewaris wie it der dan en hoe.

Troch wat bysûndere útjeften hie de ponghâlder no net it measte yn kas, dat gekke bokkesprongen koenen de dammers eins net meitsje. Doe stelde de nije Striker Jan Castelein foar om it feestlike barren plak fine te litten by him yn de bedriuwskantine. It bestjoer wie doe gau beret en út de rie: Dat moast altiten troch gean.  It oanbod waard dan ek mei alle bestjoershannen oannommen.

In de blog van Dorpsbelang het laatste nieuws.

It biljertsjen yn jannewaris wie, as fan âlds, wer in grut sukses. Fan tongersdei oan ta mei sneon waard der fûleindich biljerte. Der binne dielnimmers dy`t it te dwaan is om de sport en oaren, faaks dy`t net op in klup sitte, foaral om de gesellichheid, it praatsje, it slokje ensfafuorthinne. Foar de leden fan ûs biljartklups ek in barren om by de priiswinners  einigje te wollen. Sy geane foar de ere. Dat falt wis noch net ta om`t der in soad partijen spile wurde moatte.

Lang op gewacht, maar nu klaar. Op de Terp kunnen 13 auto`s extra geparkeerd worden. Nog voor het MFA nu dus parkeren en omkeren mogelijk waarmee de overlast in piekuren hopelijk tot het verleden behoort. We vertrouwen erop dat ook de bewoners nu niet meer hoeven wachten om hun opritten te bereiken.

Bestuur dorpsbelang.

“ Kunst uit eigen dorp”

 

Onder deze titel hangt een nieuwe serie werken van inwoners uit ons eigen dorp in de middenzaal van het dorpshuis. Het zijn allen cursisten van Arjanne Huls, “Arjan-Art”. Bij de werken worden de makers vermeld.

De afbeeldingen zijn divers en in verschillende technieken gemaakt. We zouden het heel leuk vinden als u/je een reactie achterlaat in het schrift wat er bij ligt in de vensterbank.

En wie weet……stimuleert het om ook eens met dit mooie werk bezig te gaan. Kom gerust eens langs in het atelier.  

Arjanne, Geart en Jan

 

 

Er blijkt nog behoefte te zijn aan het aanschaffen van de dorpsvlag van Scharnegoutum. U kunt dit kenbaar maken bij dorpsbelang. Wij kunnen de vlag, met of zonder wimpel, voor U bestellen.

Bij het laatste blauwe bruggetje in de wijk IIsbaan/Trekskúte is geen aanlegsteiger aanwezig. Voor de bezitters van een boot, die zelf het bruggetje moeten bedienen, een wat ongemakkelijke situatie. Een dergelijke steiger kan daarnaast als visstek dienen. Indien U belanghebbende bent kunt U zich bij het Bestuur melden. Wij willen, bij voldoende aanmeldingen, mogelijkheden onderzoeken.

Het Bestuur

De glim op it gesicht wie der jûn wer. It is altiten moai as jo fleurich troch it libben geane. Wat is it in genot foar in oar om in bliid mins te sjen. Oer it algemien binne der ûnder de Stadige Strikers gjin jittikdrinkers. Dat is fansels tige moai, want dat hâldt de fleur der ek wat yn. Guon sjogge de lêste tiid wol wat ekstra fleurich. Ien fan harren ferlear de glim in bytsje troch in blunder yn de tredde acht, mar jûn wie dy glim wer werom op syn gesicht.

Wy prate hjir oer Dicky van der Meer. De stikjeskriuwer hat  it ferrin fan de partij net sjoen, want it spul spile him ôf op de oare kant fan de seal. Op in bepaald stuit stûn in hiele bliere Dicky by de skriuwer. Hy hie Sjoerd Jan Bakker ferslein.

It koe net , mar it wie al safier. Fansels waard der neipraat oer de grutte prestaasje fan it earste achttal fan de Stadige Strikers, ôfrûne sneon yn Easterein. Klubkampioen! wa hie dat tinke kinnen? Fansels wiene der inkelde dammers dy’t dit ferline wike foarsein hiene, mar it moat altyd earst noch mar ris, mar in bytsje selsfertrouwen is fansels net ferkeard. De foarsitter wie sa bliid as in protter en sadwaande hie er him mei syn frou in pear dagen Texel kado jûn en moasten wy it dizze jûn sûnder him stelle.

Vandaag in het Friesch dagblad. Douwe Algra over ons dorpshuis. Even op de link klikken om het te lezen.

https://frieschdagblad.nl/2020/1/6/het-dorpshuis-is-er-voor-iedereen-al-is-dat-hard-werken

 
Krant gemist...?
Kijk digitaal onder het kopje Doarpsomropper in de bovenste menubalk.

Daar staan alle jaargangen...
Daarnaast vele foto's in het fotoalbum, en div. artikelen.
Maak daarbij gebruik van de zoekmodus. Zoeken op deze site... 

Troch sleauwichheden ferlieze yn de heechste klasse. It wie hast net te leauwen, dat der twa man troch enoarme sleauwichheden harren partijen út hannen jûgen. Men kin jin ôffreegje hoe’t it dochs mooglik is dat guom goeie dammers dan dochs sa mar in slach, dy’t in bern sjocht, oer de kop sjen kin De beide tsjinstanners fan respektifelik Jelle Wiersma en Dicky van der Meer oerkaam sokis. Net te leauwen as men it sjen soe.

Gelokkich is der ek posityf nijs fan de lêste kompetysjejûn fan dit jier te melden.

De kunst van het verzamelen van plastic doppen

Op flessen, potten, tubes, pennen, injectienaalden viltstiften, kokers, en nog veel zaken meer zit ter afsluiting een plastic dop. Bijna alle doppen zijn van plastic. Plastic dat, door de samenstelling ervan, hergebruikt kan worden. Dit plastic kan worden gerecycled en heeft daarom waarde. Wij verzamelen alleen plastic doppen (zelfs wanneer een flesje of potje uit hetzelfde materiaal lijkt te zijn). Op praktisch alle frisdrank- en waterflessen zitten plastic doppen. Deze doppen mogen er zonder uitzondering bij. Op veel pakken van melkproducten zitten plastic doppen. De plastic doppen op de pakken van BIOLOGISCHE  producten mogen niet bij de gewone plastic dopjes.

Moaie striid tusken betûfte Hennie en nijeling Kees. Moandeitejûn ferrûn net oars as oare damjûnen. Ek dizze reis soarge wer foar ferrassing en spanning. Spanning siet der foaral yn de partij tusken Hennie de Haan en Kees Castelein. Beide hienen kânsen en it gong der om wa’t mei de winnende set komme soe. Al mei al makken âld en jong der in moaie striid fan.

Willem Schaap wie der wer en hoe. De measte dammers kamen moandeitejûn op ’e proppen. Lykwols slagge it trije fan ús dammers net om oanwêzich te wêzen. Der sieten dus alve dammers klear om harren potsje te striken. Doe fertelde Bauke Dykstra dat Piet Sikma ek noch komme soe om tsjin him foar de Fryslân Kup te spyljen. Dat kaam dus prachtich út. Elk koe no damje sûnder dat der ien bygelyks twa spullen tagelyk dwaan moast. Willem Schaap wie ek wer werom nei twa wiken. En hoe!

30-11-2019 Klusdag in de Flearen en It lange Rek.
Er waren 15 vrijwilligers van de Natuurstichting.
Zie voor een impressie meer op facebook Skearnegoutum.

"Wat een prachtige dag en wat hebben we weer veel gedaan met z`n allen"

In klupjûn mei Persoanlike Kampioenskippen, Fryslân Kup en kompetysje. It wie moandeitejûn in gesellige en sportive drokte yn it Swettehûs te Skearnegoutum. Der sieten net allinne de fertroude gesichten fan de Stadige Strikers harren boppekeamer te pinigjen. Ut tal fan plakken stapten dammers de dam-arena fan de Strikers binnen. Allegearre mei mar ien doel: besykje om de tsjinstanner te ferslaan.

Sa sieten der acht man fan de tredde acht (it dambûn Frysk Spul wurket mei trije achttallen as it om de persoanlike kampioenskippen giet: de kampioensklasse, de reserve acht en de tredde acht). Dy tredde acht spile moandeitejûn de earste omloop. Om op jûn te spyljen is in noviteit.

In Hea..... Over Mindful tekenen. Dat is totaal de tijd vergeten,  zo “ zit je er in “. Nu is het leuke, dat er een tekentechniek ontwikkeld is, die iedereen kan. Als je een potlood, pen of kwast vast kunt houden, kun  je het leren. Deze techniek heet zen-tangle. De resultaten zijn verbluffend. In Scharnegoutum kan je het leren en doen. Tevens kan ik (Arjanne)  je veel andere technieken er bij aanbieden. Je wordt gewoon individueel begeleid. Tot jezelf komen. Dat is typisch Scharnegoutum:
Kijk naar Hea: Yn'e rest mei zen tangle, volg deze link naar het programma. Omrop Fryslan 
https://www.omropfryslan.nl/nijs/919331-hea-yn-e-rest-mei-zen-tangle

Nestor Bauke de Boer wûn de earste thúswedstriid. Elkenien fan dejingen dy’t it damjen Frysk spul tige genegen is, wit, dat Bauke de Boer tige fertroud is mei dit spul. It die him dan ek tige sear om mei te dielen dat er it fysyk net mear risse koe om op de klup te kommen. Hy kaam fuortendaliks ek mei in oplossing: hy stelde út om de partijen by him thús te spyljen. Foar kofje of tee mei der wat by soe er foar soargje. Syn earste thúswedstriid hat er wûn.

Extra Algemene Ledenvergadering Vereniging van Dorpsbelang op donderdag, 28 november a.s.

De vergadering wordt gehouden `s avonds vanaf 19.30 uur in het Swettehûs. Op de agenda staat
slechts één onderwerp.

Het Bestuur heeft een aantal projecten voorbereid, waarvoor subsidie zal worden aangevraagd bij het Ondernemersfonds Súdwest Fryslân. De aanvragen moeten voor 1 december worden ingediend.
In de Statuten van het Ondernemersfonds is bepaald dat het Bestuur de leden van de Vereniging moet informeren over de in te dienen projecten en dat instemming van de leden moet worden gevraagd. Instemming is nodig van de meerderheid van de ter vergadering aanwezige leden. 

De soan pakt syn heit even aardich oan. Ek moandeitejûn wienen der krekt as ferline wike fjouwer lege stuollen. Gelokkich fûnen trije weibliuwers fan de foarige kear no it paad werom nei it Swettehûs te Skearnegoutum. Der waard hiel aardich damme en moaie spullen ferskynden op de buorden. Twa bysûndere spullen wienen der ek. Sa is de striid tusken de twa froulju altiten wer in spannende oangelegenheid. Mar de striid tusken de nijkommers heit en soan Castelein pykte der wol boppe út.

5-11-2019 Sjoerd Huitema hie mear fertsjinne. Wat joech Sjoerd Huitema partij oan Willem Schaap. It wie foar alle omsitters in genot om nei te sjen. Bauke Dykstra spile ek in meunstereftige partij tsjin jelle Wiersma. Dy twa spullen soargen yn elts gefal  foar striid. Dat koe men fan de rest fan de partijen eins net sizze.

It begûn al aardich nei de ein te rinnen en Sjoerd Huitema hold net allinne goed stân tsjin Willem Schaap, nee hy like der sterker út te kommen. No moat men Willem altiten yn de smizen hâlde, want dy kin altiten moaie loopkes yn syn spul breidzje.

Ons dorp in 2014

scharnegoutum-19.jpg

We hebben 131 gasten en geen leden online